Sûnensservicesintrum by Antonius

© Omrop Fryslân
Der komt in sûnens-servicesintrum by it Antonius-sikehûs yn Snits. Dêr komme praktiken en bedriuwen dy't oanslute op de sikehûssoarch, lykas in húsdokter en kreamsoarch. Sa moat de service oan pasjinten ferbettere wurde.
It Antonius, Thússoarch Zuidwest Friesland en Zorggroep Friesland hawwe in yntinsjeferklearring tekene foar de bou dy't ein 2003 klear wêze moat.