De Vries: Alvestêdetocht is okee

© Omrop Fryslân
Minister De Vries (Ynlânske Saken) kin de Alvestêdetocht net keare. De rie fan haadkommissarissen fan plysje seit ek dat sa'n unyk barren altyd wêze moat. Byneed regelje se sels it ferkear wol.
As it al friest fansels, want ein fan de wike wurdt it kâlder, mar der leit noch gjin iis. Neffens De Vries binne de boargemasters ferantwurdlik foar de feilichheid fan de tocht.