Kema keurmerk Fryske bussen

© Omrop Fryslân
Seis Fryske touringcarbedriuwen ha sûnt tiisdei in feilichheidskeurmerk krigen. De bedriuwen, dy't konkurrinten fan elkoar binne, krigen fan âld-kommissaris Wiegel op It Hearrenfean in sertifikaat fan de Kema.
Yn Fryslân hat 80 prosint fan de touringcarbedriuwen it feilichheidskeurmerk. Lanlik leit dat persintaazje op 60 prosint fan de bedriuwen.