De Nooijer útliend oan NEC
Dennis de Nooijer is troch sportclub Hearrenfean foar de rest fan it seizoen ferhierd oan NEC yn Nijmegen. De Nooijer mocht fan Hearrenfean nei in oare club útsjen. De Nooijer hie gjin basisplak yn Fryslân. De spits waard alris earder troch Hearrenfean útliend, doe oan syn âlde wurkjouwer Sparta yn Rotterdam.