Grutte plannen Drachtster wyk

© Omrop Fryslân
Der besteane grutte plannen foar de Drachtster wyk Noard East. Sa'n seishûndert wenten geane tsjin de flakte. Dêrfoar yn it plak komme nije wenten en in hiel oare opset fan de wyk.
Is is noch net bekend welke wenten allegear sloopt wurde. De gemeente sil de bewenners by de plannen belûke. Wol fêst stiet dat der in nij winkelsintrum en skoalkompleks komme.