Formido Flyers winne fan Geleen

10 des 2001 - 00:00

De Formido Flyers hawwe sneintejûn yn overtime mei 5-4 wûn fan Geleen. Healwei de lêste perioade stienen de Flyers noch mei 2-4 efter. De 2-4 efterstân waard binnen twa minuten omset nei 4-4. Yn de ferlinging skoarde Jacco Borger de winnende treffer. De Flyers misse al in pear wiken de twa wichtige spilers Theo Kruger en Jason Reeser fanwege blessueres.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)