Begraafplak letter opknapt
It opknappen fan it âlde stedsbegraafplak yn Ljouwert lit langer op him wachtsje. Mei de restauraasje soe yn oktober begûn wurde, mar dat krige de gemeente net foar elkoar. Hoewol't dat wol in betingst fan Monumintesoarch wie dy't fiif ton beskikber stelde.
Mei elkoar kostet de restauraasje goed ien miljoen gûne. As al it jild der is, wurdt mei it wurk begûn.