"Autoraces net foar te kommen"

© Omrop Fryslân
De yllegale autoraces dy't jongeren alle freeds organisearje op bedriuweterrein A7 by Drachten binne hast net foar te kommen. Dat sizze B en W fan Opsterlân. Neffens har is it net te dwaan om alle freeds op tige koarte termyn in soad plysjeminsken op te roppen.
De jongeren organisearje de races fia SMS-oproppen op mobile telefoans. De plysje naam earder 25 auto's yn beslach.