Rekkenles foar PABO-studinten

© Omrop Fryslân
Wiskundestudinten fan de NHL yn Ljouwert sille tenei rekkenlessen jaan oan PABOstudinten. De takomstige wiskundeleararen krije op dizze wize ûnderfining yn it lesjaan en PABO-studinten profitearje fan de ekstra rekkenlessen.
It lesjaan oan PABO-studinten wurdt in fêst ûnderdiel fan de leararenoplieding Wiskunde oan de NHL. De lessen wurde jûn oan 4 groepen fan elk 15 PABO-studinten.