Brúnrot yn partij ierappels

05 des 2001 - 00:00

Yn in partij ierappels fan in boer út de omkriten fan Frjentsjer is brúnrot oantroffen. Dat hat de plantesyktekundigetsjinst yn Wageningen bekend makke.

De besmetting is oantroffen yn in gebiet dat bûten it eardere brúnrotgebiet leit. It bereiningsferbod sil takom jier dan ek útwreide wurde. De ierappels dy't besmet binne, binne fan it ras Lekkerlander en binne ûnderwilens ferneatige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)