Doarpsbelangen krije mear foech

05 des 2001 - 00:00

Doarpsbelangen yn Wymbritseradiel krije mear foech. Se krije in eigen budzjet en kinne selsstannich besluten nimme, benammen op it mêd fan wolwêzen. De gemeente Wymbritseradiel wol ek faker mei de doarpsbelangen oerlizze.

Se kinne har winsken lykas in nij fytspaad of oanpassingen oan it doarpshûs op tafel lizze. As it mooglik is, wurket de gemeente dêr oan mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)