Trynwâldsterdyk ûnfeilich

© Omrop Fryslân
Der moatte rotondes en stopljochten komme yn de Trynwâldsterdyk by Gytsjerk en Aldtsjerk. Dat fynt de Ferkearsgroep Trynwâldsterdyk. De groep hat ûndersyk dien nei de ferkearsfeiligens. Dêrút docht bliken dat it autoferkear troch de doarpen tanimt en dat drompels net genôch effekt ha op de snelheid.
De wurkgroep wol dat der mear ferkearsremjende maatregels nommen wurde.