Spul oer stikels en guozzen

© Omrop Fryslân
It Fryske Gea en de boeren yn de gemeente Ferwerderadiel hawwe in konflikt oer stikels en guozzen. De partijen sieten woansdei foar de safolste kear om tafel yn it Provinsjehûs. Sûnt it Gea eigner waard fan it bûtendyks gebiet Noarderleech, kleie de boeren oer te folle stikels en guozzen op harren lân.
It Gea hat in fergunning oanfrege om de stikels gemysk te bestriden.