Dunlop yn Drachten oernommen

© Omrop Fryslân
Transportbannebedriuw Dunlop Enerka yn Drachten is oernommen troch it Ingelske Fenner. Dy wurdt mei de oername ien fan de grutste fabrikanten fan transportbannen yn 'e wrâld. Yn Drachten komt no jild frij foar ynvestearrings yn masines. Dêrtroch wurdt it aanst foar it personiel nofliker wurkjen. De oername hat de earste jierren gjin konsekwinsjes foar de 300 banen.