Sluiter opfolger De Haan
Roel Sluiter wurdt de nije wethâlder foar de PvdA yn de gemeente Ljouwert. Dêrmei folget er Hermien de Haan op. Sluiter sit sûnt 1994 yn de gemeenteried en is op it stuit PvdA-fisefraksjefoarsitter. Hy wurdt dêryn opfolge troch riedslid Amarins Dikken.
Sluiter wurdt 17 desimber ynstalleare as wethâlder. Hy wurket no as adjunktdirekteur fan skoalle Piter Jelles.