Boargemaster Bosma lilk op Ryk

04 des 2001 - 00:00

Boargemaster Bosma fan Lemsterlân hat argewaasje fan de bemuoienis fan de oerheid. Ferline wike makke it Ryk bekend dat de gemeente net op skema leit wat de ynfiering fan de euro oanbelanget. Earder waard Lemsterlân ek al op de fingers tikke oer wentebou.

Bosma seit gjin ferantwurding ôflizze te moatten oan it Ryk, mar oan de gemeenteried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)