Frysk nijs Riepe steurt Grinzers

© Omrop Fryslân
Grinzers steure harren oan it Fryske nijs en keapje dêrom minder faak De Riepe. Dat seit in wurdfierder fan 'e strjitkrante foar NoardNederlân. Dêrtroch moat de priis foar in nûmer mei 30 sint omheech.
Yn Ljouwert giet it krekt goed mei De Riepe. De krante wurdt ferkocht troch dak- en thúsleazen. Fan takom jier ôf kostet er 1 euro 50.