Kursus polityk foar froulju
Emansipaasjeburo Equa organisearret yn Ljouwert in kursus 'polityk'. Doel is mear froulju ree te krijen foar in politike karriêre. It emansipaasjeburo fynt dat der no te min froulju polityk aktyf binne. Yn de gemeentepolityk is 1 op de 4 riedsleden frou, yn de lanlike polityk is dat hast 40%.
Op de kursus leare froulju hoe't polityk wurket en de nedige feardichheden.