Thomas nei Keninklike Brulloft?

© Omrop Fryslân
Hurdrydster Annamarie Thomas fan De Lemmer is troch kroanprins Willem-Alexander útnoege foar syn houlik mei Màxima. Se mei op 2 febrewaris 2002 derby wêze yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam. Ek har eks-freon Bart Veldkamp is útnoege. De kroanprins kaam by de Olympyske Spelen 1992 yn de kunde mei it pear.
Oft Thomas komt is net wis, want se wol ek meidwaan oan de Olympyske Spullen.