Cambuur pakt perioadetitel

© Omrop Fryslân
Fuotbalklub Cambuur helle sneontejûn de winst yn de twadde perioade yn de earste divyzje. De Ljouwerter klub spile yn Deventer út tsjin Go Ahead Eagles. Goudmijn skoarde yn de 58ste minút 0-1. Emmen, de konkurrint fan Cambuur yn de striid om de twadde perioade, ferlear mei 1-0 fan Stormvogels/Telstar.
De Cambuurspilers waarden sneon nei't se weromkamen huldige yn it Cambuurstadion.