De Bazuin brassband-kampioen

02 des 2001 - 00:00

Brassband De Bazuin fan Oentsjerk hat op de Nederlânske brassband-kampioenskippen yn Hardenberg de nasjonale titel helle. De band behelle de punten mei har útfiering fan Albion fan Jan van der Roost. De Bazuin stiet ûnder lieding fan Klaas van der Woude.

Oare Fryske súksessen wiene Excelsior fan Ferwert en it koperensemble fan De Wâldsang fan Bûtenpost.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)