Feroarings bustsjinsten Ljouwert

© Omrop Fryslân
De bustsjinstregeling yn Ljouwert giet 1 maart hielendal oer de kop. Arriva hat de konsesje foar it stedsferfier krigen en set ûnder oaren 20 nije, rolstoel- en miljeufreonlike, lege-ystapbussen yn.
Fierder kinne busreizgers ynkoarten gebrûk meitsje fan Sternet en Servicenet. Sternet is in soarte fan ynterliner tusken stedswiken. Servicenetbussen bliuwe ek stean by fersoargingshûzen.