Grutte oarder foar Bijlsma

30 nov 2001 - 00:00

Skipswerf Bijlsma fan Warten hat in grutte opdracht binnenhelle, fan tsientallen miljoenen gûne. De werf sil in tanker bouwe dy't ynset wurdt foar it ferfieren fan asfalt.

De oarder soarget foar seker in heal jier wurk op de hellingen fan Bijlsma yn Warten en De Lemmer. Neffens direkteur Bijlsma kin der achter de opdracht noch wol mear wurk weikomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)