Ingelske sel foar drugsmokkeler

© Omrop Fryslân
In piloat fan It Amelân (44) is yn Ingelân ta 4,5 jier finzenisstraf feroardiele. De man hie besocht 100 kg softdrugs nei Ingelân te smokkeljen.
Opmerklik wie dat de Amelanner by oankomst daliks tsjin de dûane sei dat er it spul oan board hie. Neffens syn advokaat is de Amelanner ûnder druk akkoart gien mei it transport. Hy fleach fan Ballum (Amelân) nei Coventry.