Brân yn bulten ôffal Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje en in ôffalferwurker hawwe tiisdeitenacht oeren wurk hân fan bulten ôffal dy't yn de brân stutsen wienen. Dat wie yn Ljouwert, yn de Robinsonstrjitte en de Kanadezenleane. Unbekenden hienen dêr brân makke yn twa bulten mei grut ôffal.
Der lei noch mear ôffal op strjitte lykas skuttingen. Dêrom is besletten de troep op te rêden. Dat hat al mei al trije oeren duorre.