Nije oanwinst foar FLMD

© Omrop Fryslân
It Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, it FLMD, yn Ljouwert hat in wichtige nije oanwinst. It giet om in skilderij dat makke is troch de Fryske skriuwer en skilder Reinder Rienk van der Leest.
Van der Leest waard foaral bekend fan syn detektiveromans oer it speurdersduo Dynte Planteit en Nier Hinnebruier. Hy hat it skilderij skonken oan it FLMD.