CNV ferwachtet soad ûntslaggen
Bedriuwen yn de metaalsektor en yndustry sette noch foar de Krystdagen hûnderten wurknimmers op strjitte. It soe om 750 minsken gean, wêrûnder ek personiel yn Fryslân. It fakbûn CNV docht dy konstatearring op grûn fan de ekonomy dy't minder giet.
Foar 2002 ferwachtet it CNV wol wer groei. It bûn tinkt dat de bedriuwen dan wer personiel nedich ha.