Ljouwerter yn fraudesaak oppakt

28 nov 2001 - 00:00

In 18-jierrige Ljouwerter is tiisdei oppakt yn ferbân mei in grutte fraudesaak. De man makke creditcardnûmers fan oaren nei en bestelde op dy wize alderhanne guod fia ynternet. Sa liet er thús sels in sinnebank komme.

De plysje hâlde de fertochte al in jier yn de gaten. Hy moat noch heard wurde. Undúdlik is oft der oaren by de saak belutsen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)