Net de namme, wol it jild

28 nov 2001 - 00:00

Ljouwert hat gjin status as netwurkstêd krigen, mar wurdt wol op deselde wize behannele as de stêden dy't de namme wol ha. De Fryske haadstêd krijt likefolle jild as Assen en Grins.

Dat hat minister Pronk (VROM) woansdei yn syn nota besletten. Hoefolle jild is noch net dúdlik, dat moat noch bepraat wurde yn de Twadde Keamer. Boargemaster De Boer is wiis mei it beslút.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)