Gjin pakketten foar Roemenië

28 nov 2001 - 00:00

Twa frachtweinen mei krystpakketten foar Roemenië binne yn beslach nommen troch Roemeenske autoriteiten. Neffens in faks fan de Drintse plysje soe der molkpoeier mei dioksine yn sitte.

Dat is net sa seit de stichting Groningen-Friesland-Drenthe dy't de pakketten ynsammelet. Der wurdt ûndersocht wêr't de nep-faks weikomt. Underwilens giet yn Fryske Peallen it ynsammeljen troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)