Asylsikers op strjitte

28 nov 2001 - 00:00

Hûnderten útprosedearre asylsikers komme meikoarten op strjitte te stean. Mei yngong fan takom jier meie gemeenten dy groep asylsikers net mear finansjeel stypje. Flechtlingewurk ferwachtet dêrtroch in ekstra druk op de opfang.

Mooglik komt in tal fan har ek telâne yn de kriminaliteit. Helporganisaasjes moatte taret wêze op de swierrichheden dy't troch de feroaring ûntstean kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)