Dokkum: wenskip as moetingsplak

© Omrop Fryslân
De jongerein fan Dokkum meie foarearst it wenskip yn it Dokkumer Grutdjip brûken bliuwe as moetingsplak. De sitewaasje jout foar de omwenjenden wol regelmjittich oerlêst, mar de gemeente lit de saak gewurde.
Op it stuit is der yn Dokkum noch gjin jongereinsintrum op in oare lokaasje. De gemeente hat de brânwacht frege om út te sykjen hoe feilich it wenskip is.