Aksjes tsjin alkomobilisme
De provinsje sil aksje ûndernimme tsjin autoriden mei drank op. Sa wurdt der wurke oan it ferbetterjen fan rydopliedings. Yn Drachten komt in ferkearsedukaasjesintrum.
De plysje sil ek hurder optrede tsjin alkomobilisten. Ien en oar is woansdeitemoarn bekend makke op de TAPkontaktdei yn Drachten. TAP is in noardlik projekt tsjin alkomobilisme.