Soad ynteresse film te stypjen

© Omrop Fryslân
De belangstelling om jild yn de Nederlânske film Soldaat van Oranje 2 te stekken is grut. De Friesland Bank hâldt tongersdei in foarljochtingsjûn foar mooglike partisipanten. Der binne 260 sertifikaten à 25.000 gûne it stik.
Yn twa wiken tiid binne al 50 partisipaasjes ferkocht. It is fiskaal oantreklik om yn film te ynvestearjen. Wat mear besikers wat heger it rendemint.