De Nooijer en Ebbinge: bûtenlân?
Dennis de Nooijer en Arjan Ebbinge fan SC Heerenveen traine nije wike op proef by bûtenlânske klubs. De 32-jierrige oanfaller De Nooijer giet nei MSV Duisburg en de 27-jierrige ferdigener Ebbinge giet nei Wimbledon.
Beide spilers ha by de Fryske klub gjin basisplak. De Nooijer wie earder op proef by Strassbourg. It slagge him doe net in kontrakt ôf te twingjen.