Ald-minister Boersma is stoarn

© Omrop Fryslân
Yn syn wenplak Utrecht is tiisdei âld-minister Jaap Boersma ferstoarn. Boersma is yn Ljouwert berne. Yn de jierren santich wie er minister fan sosjale saken, ûnder oare ûnder premier Joop den Uyl. Boersma wie lid fan de ARP, dy't letter opgie yn it CDA. Letter makke er de oerstap nei de PvdA, mar dy partij ferliet er letter ek wer.
Nei syn politike karriêre wie er ûnder oare direkteur fan de Gemeentelijke Stadsreiniging yn Amsterdam. Jaap Boersma is 82 jier wurden.