God Channel te Amerikaansk

27 nov 2001 - 00:00

Kabel Noord hellet relystjoerder The God Channel fan de kabel. De stjoerder is te Amerikaansk en boppedat binne de programma's net ûndertitele. Kabel Noord hie him opnommen by wize fan eksperimint foar in jier. Dêrfoar yn it plak komt no de keunststjoerder Arte.

Kabel Noord hat ien frekwinsje foar it tydlik oanbieden fan tv-stjoerders. De programmaried hifket de mienings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)