De Boer: krisis moat ophâlde

© Omrop Fryslân
Boargemaster De Boer fan Ljouwert hat de PvdA oproppen net mear wethâlders nei hûs te stjoeren. De PvdA hat earder oanjûn gjin betrouwen te hawwen yn de koalysjepartners VVD en PAL/GrienLinks.
Neffens de PvdA ha de oare partijen wethâlder De Haan te gau falle litten. De Boer is benaud dat in lilke PvdA de stêd stjoerleas makket. 'De kontinuïteit fan it bestjoer moat foarop stean.'