Gaseksploazje yn Marrum

25 nov 2001 - 00:00

Der hat snein in gaseksploazje west yn in wenhûs yn Marrum. It dak fan it hûs oan it Louise Heeppaad is troch de eksploazje fan it hûs ôf flein. Oarsaak wie in iepensteande gaskraan.

Ien man is mei brânwûnen nei it akademysk sikehûs yn Grins oerbrocht. It hiele kompleks fan fjouwer wenningen is ûntromme. De seis bewenners hawwe tydlik oar ûnderdak krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)