Kadootsje foar de Clini Clowns

25 nov 2001 - 00:00

De yntocht fan Sinteklaas yn Wolvegea wie sneon keppele oan in ideëel doel. De Clini Clowns krigen in cheque fan 12.500 gûne. Sinteklaas makke op spektakulêre wize syn yntocht.

De swarte Piten hellen akrobatyske toeren út en de Sint dielde fuotballen út. Ut in heechwurker mei kontener liet de goedhillichman fan 30 meter hichte 500 ballen delstoarte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)