De Lemmer kriget tydlik azc

© Omrop Fryslân
De Lemmer kriget in asylsikerssintrum foar 250 persoanen foar maksimaal fiif jier. Dat hat it kolleezje fan B&W bedongen by it COA. Oare gemeenten slute langere kontrakten ôf.
De Lemmer makket fan in oar artikel gebrûk as oare gemeenten. Neffens dit artikel mei it azc net langer dan fiif jier op it plak oan de Strjitwei stean. De rie nimt 3 desimber in beslút.