Fryslân House New York sukses

07 mrt 2012 - 09:52

De provinsje lûkt de hannen ôf fan it Fryslân House yn New York. Der binne genôch bedriuwen by oansletten en dus kin it selsstannich fierder. It Fryslân House is yn 2009 iepene by de fiering fan it 400-jierrich bestean fan New York.

De provinsje stipe it inisjatyf mei goed 100.000 euro. It doel is Fryske bedriuwen in yngong te jaan yn Amearika en New York. Der meitsje 14 bedriuwen gebrûk fan. Guon ha al grutte opdrachten binnenhelle, lykas softwarebedriuw Snakeware fan Snits. Sy ha in grut advokatekantoar as klant.

It Fryslân House lûkt ek bedriuwen fan bûten de provinsje. Ien Drints bedriuw makket tsjintwurdich gebrûk fan de Fryske lokaasje yn New York. Yn Amsterdam en Riga steane ek sokke Fryslân houses. Twa Grinzer bedriuwen ha har oansletten by it Fryslân House yn Amsterdam.

Trefwurden: 
New York Fryslân House
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)