Museum wol Mata Hari-tekening ha

23 nov 2001 - 00:00

It Frysk Museum yn Ljouwert wol graach in tekening fan Mata Hari ha. De teke- ning foel moandei op by de opname fan it programma Tussen Kunst en Kitsch.

It museum sil ûnderhannelje mei eigner Lieftinck fan De Haach oer de ferkeappriis. It soe in moaie oanfolling wêze op de Mata Hari-kolleksje. De tekening fan de spionne is yn 1916 makke troch de Frânske keunster Rudeau.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)