Oanrander Westeinde freed frij
De man dy't fêstsit foar oanranding yn 'e Ljouwerter wyk Westeinde komt freed frij. It Gerjochtshôf yn Ljouwert hat it heger berop ôfwiisd. Dêryn waard in swierdere straf easke.
It bliuwt no by oardel jier selstraf mei 6 moanne ûnder betingst. Dy straf sit der hast op. De Ljouwerter (38) hat op syn minst fiif bern lestich- fallen.