Grins boeren en natuer bepaald

© Omrop Fryslân
Boeren dy't by in natuergebiet buorkje, meie útwreidzje. De Twadde Keamer en miljeuminister Pronk binne it iens wurden oer in grins fan 250 meter. De minister woe in grins fan 500 meter oanhâlde.
Doe't er dêr gjin mearderheid foar krige yn de Twadde Keamer koe er him fine yn de 250 meter-grins. Oer de details fan de ôfspraak wurdt letter praat.