Nijbou Oranjeoord smyt banen op
Oranjeoord krijt der 56 ferpleechbêden by. Mei de nijbou by it sikehûs, dy't woansdei begûn is, krijt Fryslân in unike kombinaasje fan in sikehûs mei in soarchsintrum. Der komme 100 banen by.
Soarchgroep Noorderbreedte ferbout Oranjeoord foar 40 miljoen gûne. Der komme fiif fersoargingsfleugels by. Fersoargingstehûs Dukdalf slút definityf de doarren.