Tonnen oan Fryske pipernuten

© Omrop Fryslân
Fan it simmer wienen se der al drok mei dwaande yn Rotsterhaule: pipernuten. Al trije ton is produsearre by koeke- en banketfabrikant Modderman. En de ein is noch net yn sicht.
By it fabryk wurkje 40 minsken en fiif fan har binne it hiele jier mei pipernuten te set. It resept fan de krekte mjuks fan sûker en kaniel is in goed bewarre geheim by it famyljebedriuw.