Van Maaren skriuwt dochs in boek

20 nov 2001 - 00:00

Loekie van Maaren sil in boek skriuwe oer har perioade as boargemaster fan Ljouwert. Nei't se der in skoft oer neitocht hie, hat se besletten it dochs te dwaan. Yn 1997 publisearre se in boek oer har tiid as wethâlder yn Haarlem.

Wannear't it boek ferskynt, is noch net dúdlik. Van Maaren neamt harsels net in rappe skriuwer, dat it kin wol in tal jierren duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)