Begryp foar fuortgean De Haan

20 nov 2001 - 00:00

De polityk yn Ljouwert hat begryp foar de beslissing fan wethâlder De Haan om op te stappen. Har posysje wie sjoen de krityk op har funksjonearjen net mear hâldber, sizze de measte fraksjes.

De Haan is moandei opstapt nei oanlieding fan it rapport Monsma oer de ôfdieling belestingen. De PvdA komt tiisdeitemiddei gear oer de opfolging fan De Haan dy't 7 jier wethâlder west hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)