Wethâlder Helder bliuwt dochs

19 nov 2001 - 00:00

Wethâlder Helder fan Wûnseradiel hat besletten om dochs beskikber te bliuwen foar de polityk yn de gemeente. Helder is njonken syn funksje as wethâlder ek direkteur fan stifting De Loopplank.

Hy koe dizze beide funksjes net goed kombinearje. De PvdA hat Helder mei klam fersocht om beskikber te bliuwen foar de polityk. Hy hâldt no op by De Loopplank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)